Trainer Jurgen Streppel: "Sterk collectief geeft doorslag"

18 apr 2018 - 06:42

It spul fan SC Hearrenfean wie tiisdeitejûn lang net altyd geweldich, it resultaat mocht der wêze. Yn it Abe Lenstra stadion waard ADO Den Haag mei 2-0 ferslein. De Nij-Seelanner Marco Rojas wie yn de twadde helte de grutte man mei twa doelpunten. Troch de winst klimt de ploech fan trainer Jurgen Streppel nei it sechsde plak yn de earedifyzje, op koers om de play-offs foar Europeesk fuotbal te heljen.

De oerwinning wie neffens trainer Jurgen Streppel fertsjinne. "Weer 2-0, weer de nul gehouden, weinig weggegeven, dat stemt me tot tevredenheid." Oer it ferskil tusken syn ploech fan de lêste wiken en yn de mindere faze is Streppel dúdlik: "Er staat nu een ongelooflijk collectief om deze wedstrijden tot een goed einde te brengen en dan hebben we inderdaad individuele kwaliteiten nodig om tot een goed resultaat te komen en dat hebben we vandaag prima gedaan."

Doelpuntemakker Marco Rojas wie in bliid man. "It jout in goed gefoel en it is moai om te skoaren en de trije punten te pakken. Se binne yn 'e klaaikeamer allegearre bliid. Op de fraach oft er no definityf in basisplak hat, is Rojas foarsichtich. "Dat is net oan my. Ik moat myn wurk goed dwaan en dan beslist de trainer."

Yn de reguliere kompetysje spilet SC Hearrenfean op 29 april yn Breda tsjin NAC en op 6 maaie yn eigen hûs tsjin Feyenoord. 

(advertinsje)