SC Hearrenfean yn twadde helte foarby ADO Den Haag

17 apr 2018 - 22:36

Sportklup Hearrenfean hat tiisdeitejûn yn it Abe Lenstrastadion ôfrekkene mei ADO Den Haag. De Feanster fuotballers wûnen mei 2-0 fan de besikers, dy't yn de earste helte noch krekt wat better wienen. Troch de oerwinning hâlde de Feansters útsjoch op de play-offs foar Europeesk fuotbal. Al nei acht minuten krige ADO de kâns om te skoaren, mar doelman Hansen pakte it skot fan Immers. Op it healoere wie der in goede foarset fan Reza. De bal kaam moai foar de goal, mar de spilers fan SC Hearrenfean kamen krekt net by de bal.

Twa doelpunten

Pas nei rêst foel it earste doelpunt, yn de 53ste minút. Ut in opsette oanfal fan Pierie en Van Amersfoort koe Marco Rojas de bal úteinlik yn it doel koppe: 1-0. Goed tweintich minuten letter lei de bal foar de twadde kear yn de goal fan keeper Groothuizen. Rojas makke nei in pass fan Zeneli syn twadde doelpunt fan de jûn. Dêrmei wienen de Feanster hast wis fan de oerwinning.

Op snein 29 april spilet Sportklup Hearrenfean de folgjende kompetysjewedstriid, út tsjin NAC Breda.

SC Hearrenfean - ADO Den Haag 2-0 (0-0) 53. Marco Rojas 1-0, 75. Marco Rojas 2-0

Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Bulthuis, Pierie; Thorsby, Kobayashi, Van Amersfoort; Rojas (76. Schmidt), Ghoochannejhad (74. Veerman), Vlap (55. Zeneli)

(advertinsje)