Aris yn Weert te sterk foar Basketbal Academie Limburg

17 apr 2018 - 22:27

De basketballers fan Aris hawwe tiisdeitejûn yn Sporthal Boshoven yn Weert goede saken dien tsjin Basketbal Academie Limburg. De Ljouwerters wûnen mei 79-54 fan de Limboargers. Aris wie yn alle fjouwer kwarten better as de thúsploech. Troch de oerwinning set Aris in grutte stap rjochting de play-offs.

By rêst stienen de basketballers fan coach Tony Van den Bosch mei 22-37 foar. Weert, dat op it lêste plak yn de kompetysje stiet, wie dêrnei net mear by machte om werom te kommen.

Takom sneon spilet Aris wer in wedstriid, dan komt Den Helder op besite yn Ljouwert. Dat is foar de Ljouwerters de lêste kompetysjewedstriid.

Play-offs

Aris stiet no op it sechsde plak yn de Dutch Basketball League. Slagget it Aris om op dat plak stean te bliuwen, dan giet de klup de play-offs yn. De iennige konkurrint om it sechsde plak is Apollo Amsterdam.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)