Motor botst mei bestelauto by Ferwert: twa ferwûnen

17 apr 2018 - 22:22

Twa opsittenden fan in motor binne tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in botsing mei in bestelauto op de Ljouwerterdyk by Ferwert. Neffens tsjûgen fleach de motor nei de oanriding troch in bushokje. De twa opsittenden fan de motor binne mei ûnbekende ferwûningen mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert oerbrocht. 

De bestjoerder fan de bestelauto kaam mei de skrik frij. De dyk waard foar in diel ôfsletten. De tadracht fan it ûngelok wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
ûngelok Ferwert
(advertinsje)