Fragen oer ferneatige ferkearsboeten yn Ljouwert

17 apr 2018 - 21:42

De Ljouwerter partij Lijst058 hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje oer it útskriuwen fan boeten oan it Ruterskertier yn de stêd. De partij docht dat nei oanlieding fan inkelde boeten, dy't troch de rjochtbank yn Ljouwert yn heger berop ferneatige binne.

Ferkear yn de binnenstêd mei net fan it Ruterskertier nei de Frouwepoartsbrêge ride en oarsom. Oertrêders kinne in boete krije en de gemeente kontrolearret it trajekt mei fêste kamera's. Ut útspraken fan it hôf docht lykwols bliken dat ferskate boeten skrast binne.

De bûtengewoan opspoaringsamtners fan de gemeente, dy't de boeten oplein hawwe, soene net it foech hawwe dat te dwaan. Ek soene de ferkearsbuorden net op de foto's te sjen wêze.

Lijst058 wol no fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte om hoefolle gefallen it giet, oft de befiningen wier binne en wat de gemeente dwaan sil om de saak op te lossen.

Trefwurden: 
boete Lijst058 Ljouwert
(advertinsje)