Eaststellingwerf giet striid oan mei drugsgebrûk jongerein

De gemeente Eaststellingwerf sil de kommende tiid ekstra ynsette op it foarkommen fan drugsgebrûk yn de gemeente. De jongerein yn Eaststellingwerf brûkt yn trochsneed mear drugs as de gemiddelde Fryske jeugd en dêr moat wat oan dien wurde, sa fynt de gemeente. Yn gearwurking mei Ferslavingssoarch Noard-Nederlân sille de kommende tiid trainingen jûn wurde oan organisaasjes, dy't te krijen hawwe mei drugsproblematyk. It giet dan bygelyks om gebietsteams fan de gemeente, konsultaasjeburo's en sportferieningen.
Yn maaie ferline jier al sinjalearre boargemaster Harry Oosterman, dat it drugsgebrûk ûnder jongerein yn de gemeente Eaststellingwerf hieltyd slimmer waard. De boargemaster en it jongereinwurk krigen sinjalen, dat mear jongerein drugs brûkt en dat se dat ek op hieltyd jongere leeftiid dogge.