Lotting pûlfaze Oranje op EK kuorbal yn Fryslân bekend

17 apr 2018 - 21:00

It Nederlânsk kuorbalteam nimt it yn oktober by it Europeesk kampioenskip yn Fryslân op tsjin Ingelân, Kataloanië en Poalen. Dat is it resultaat fan de lotting foar de pûlfaze, dy't tiisdeitejûn hâlden waard yn Ljouwert. Yn totaal dogge der sechstjin teams mei oan it EK. Topfavoryt Nederlân is gasthear fan it kampioenskip. De wedstriden sille ôfwurke wurde yn Drachten, De Gordyk en Ljouwert. De finale fynt op 21 oktober plak, op It Hearrenfean.

De lotting wie yn sporthal Kealledykje. Dêr spylje tiisdeitejûn trije Ljouwerter kuorbalferieningen elts in kertier tsjin team Nederlân. Oan de ein fan de jûn stiet der noch in freonskiplike wedstriid pland, fan de Nederlânske toppers tsjin in 'Ljouwerter' seleksjeteam.

It definitive spylskema fan it Europeesk kampioenskip kuorbal yn Fryslân wurdt healwei maaie bekend makke.

Trefwurden: 
lotting EK kuorbal Fryslân
(advertinsje)