Wurkstraf easke tsjin man út Koatstertille foar ynbraken

17 apr 2018 - 20:40

Tsjin in 28-jierrige ynbrekker út Koatstertille is tiisdeitemiddei 240 oeren wurkstraf en in selstraf fan acht moannen ûnder betingst easke. Ek soe de man behannele wurde moatte en moat er in drugs- en alkoholferbod krije. De Koatstertilster wurdt fertocht fan in searje ynbraken tusken desimber 2015 en novimber 2016. Hy bruts benammen yn by bedriuwen yn Surhústerfean, Bûtenpost en De Harkema.

De fertochte soe, sûnt er oppakt is, syn libben bettere ha, mar koartlyn waard er noch oanhâlden mei drugs en falsk jild. De offisier fan justysje rôp de famylje fan de man op him yn 'e gaten te hâlden.

De Ljouwerter rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)