Kin Frysk elektrisiteitsnet alle sinne-enerzjy oan?

Sinnepanielen © Omrop Fryslân
Is it Fryske elektrisiteitsnetwurk wol bestân tsjin alle duorsume sinne-enerzjy dy't opwekke wurdt? Dy fraach stelt de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten oan ferantwurdlik deputearre Michiel Schrier. De partij wiist bygelyks op it grutte tal nije sinneparken dy't op it elektrisiteitsnetwurk oansletten wurde. As de maksimale kapasiteit fan it net berikt is, soe de opwekke sinne-enerzjy ferlern gean.
Steatelid Richard Klerks fan de ChristenUnie wol fan de deputearre witte hoe't dat yn Fryslân sit en oft der mooglik ekstra ynvestearre wurde moat yn de opslach fan duorsume enerzjy.