FIDEO: Bern boartsje hieltyd minder bûten

17 apr 2018 - 19:50

Bern boartsje hieltyd minder bûten. Dat docht bliken út ûndersyk fan Jantje Beton. Yn de ôfrûne fiif jier is it oantal bûten boartsjende bern bot ôfnaam. Bern dy't bûten toutsjespringe, fuotbalje of oan it klimrek hingje, sjogge we hieltyd minder. Se sitte hieltyd mear achter in byldskerm. En dat wylst bûten boartsje just sa goed is foar de ûntwikkeling fan bern.

Direkteur Jan Woudstra fan de Toermalijn yn Frjentsjer sjocht dat ek. Syn skoalle hat in plein fol mei boarterstastellen, mei troch help fan Jantje Beton. Woudstra ûndersocht op syn eigen skoalle it boartersgedrach fan bern. Ek dêrút die bliken dat de trend fan hieltyd minder bûten boartsje him trochset.

Dochs bliuwt Woudstra hammerjen op it belang fan bûtenboartersplakken. Jantje Beton hopet dat gemeenten harren ynsette wolle foar ekstra boartersplakken foar bern.

(advertinsje)