FIDEO: Súdwest-Fryslân ûnderfreget ynwenners oer Frysk

Hoe moatte we de Fryske taal behâlde of moatte we just hielendal neat dwaan? De gemeente Súdwest-Fryslân freget him dat ôf en hat dêrom njoggentûzen ynwenners frege in enkête yn te foljen. Alle Fryske gemeenten ha de wetlike taak om taalbelied op te stellen en Súdwest-Fryslân is dwaande mei it belied fan 2019 ôf. Yn de gemeente wurdt ek Stavers, Hylpersk, Snekers en Boalserters praten. Reden genôch om de ynwenners te freegjen wat sy wichtich fine.