Nijlanner knalt mei auto tsjin eigen wenning

© BTB Fotografie
In automobilist is tiisdeitemiddei yn Nijlân mei de auto tsjin syn eigen wenning oanriden. It ûngelok barde yn de Camstrastrjitte yn it doarp. De man trape by fersin it gaspedaal yn, wylst er efterút ride woe. Dêrtroch knalde er tsjin de foarkant fan it hûs oan.
Sawol de auto as de wenning rekken skansearre. De bestjoerder kaam mei de skrik frij.