Sjoerd Feitsma: "Utspraken baas KH Valletta kinne net"
De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert nimme ôfstân fan de útspraken fan de foarsitter fan Kulturele Haadstêd Valletta op Malta. De kwestje giet oer de fermoarde sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. In healjier lyn kaam se by in bomoanslach om it libben. By in monumint yn it sintrum fan de Maltese haadstêd waarden blommen dellein en kearskes pleatst. It is in betinkplak foar de sjoernaliste wurden.
De baas fan Valletta 2018 Jason Micallef sei yn in taspraak dat it betinkplak nei in healjier no wolris fuort kin. De ynternasjonale skriuwersorganisaasje PEN is dêr ferbjustere oer. Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert nimt ôfstân fan de útspraken. Hy fynt dat se net kinne, salang't it ûndersyk nei de moard noch net ôfrûn is. Ek deputearre Sietske Poepjes fynt de útspraken fan Micallef ûnder de maat en fynt dat de moardsaak oant op de boaiem útsocht wurde moat. Malta hat dêrby help ynroppen fan justysje yn Nederlân.
De direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018, Tjeerd van Bekkum, fynt dat de Europeeske Uny ûndersyk ynstelle moat nei de foarsitter Micallef fan Valletta.