Poep fan pommeranten foar ûndersyk nei Wetsus

Theo Mulder fan Kollumersweach is "hiel tefreden" mei syn ludike aksje. Tiisdei hat hy by ferskate Fryske pommeranten del west om harren poep op te heljen. Mulder tinkt dat minsklike ûntlêsting foar it lân better is as keunstdong. Om dêr mear omtinken foar te krijen en benammen mear ûndersyk nei te dwaan, hat hy de ludike aksje betocht om by ferneamde Friezen del te gean.
Mulder ried del by ûnder oaren Harm Wiegersma fan it melkfeehâldersfakbûn, Albert van der Ploeg fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden en VVD-Steatelid Nynke Koopmans. Dêrnei binne by ûndersyksynstânsje Wetsus meunsters ynlevere. Dêr sil bygelyks sjoen wurde hokker stoffen as der yn de poep sitte.
"It ôfrûne wykein wie ik al hiel tefreden, want we hawwe in hiel protte tasizzingen hân fan minsken, dy't meiwurkje wolle", fertelt Mulder. Syn doel is allinne noch net berikt. "Ik wol sjen hoe't we dit op de lange termyn tûker dwaan kinne op Europeeske skaal. Dit is dêrfoar in oanset en we moatte sjen hoe't we dit fierder útbouwe kinne. Dat dogge we yn gearwurking mei Wetsus, lânbou-organisaasjes en skoallen", sa seit Mulder.
De minsklike dong, dy't hy tiisdei ophelle hat, sil net echt útriden wurde oer it lân. It is allinnich bestimd foar it ûndersyk.