Lian Nijenhuis nij yn ried fan kommissarissen Omrop Fryslân

Lian Nijenhuis
Lian Nijenhuis fan Mildaam is beneamd ta nij lid yn de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân. Nijenhuis komt op foardracht fan de ûndernimmingsried yn de ried fan kommissarissen. Sy folget Anja Dijkman op, dy't fan 2006 oant 2018 kommissaris west hat.
Lian Nijenhuis is 40 jier en sûnt 2005 oan it wurk as adviseur/trainer yn meisizzenskip by SBI Formaat yn Doorn. Yn dy funksje jout sy ûnder oare advys en trainingen oan ûndernimmingsrieden en advisearret sy organisaasjes, dy't mei feroaringstrajekten dwaande binne. De ried fan kommissarissen bestiet njonken Lian Nijenhuis no út foarsitter Ton Baas, Ger Jaarsma en Saakje Mulder.
Baas: "Wy binne tige bliid mei Lian Nijenhuis as nije kommissaris. Har ûnderfining en kennis op it mêd fan governance en meisizzenskip binne in moaie oanfolling op de kennis dy't we al hawwe binnen de ried fan kommissarissen".