Provinsje fiert dit jier ekstra kontrôles út

17 apr 2018 - 16:42

Greidboeren wurde dit jier ekstra kontrolearre op har soarchplicht foar de greidefûgels. Dat stiet yn it jierplan 2018 fan de provinsje. Ut dat plan docht ek bliken dat der in ynhelslach makke wurdt by de kontrôle en hanthavening fan swimbaden yn de provinsje. Koartlyn waard dúdlik dat der njoggentich ekstra swimbaden binne, dy't kontrolearre wurde moatte. Dy sitte yn bygelyks rekreaasjebedriuwen. De provinsje is dan ek ferantwurdlik foar de hanthavening.

Neffens ferantwurdlik deputearre Schrier is de reden foar de ekstra kontrôles, dat it de ôfrûne tiid net genôch dien is. Net om't de provinsje benaud is dat bygelyks boeren de soarchplicht net neikomme, sa seit Schrier. Ynkoarten start de provinsje mei in foarljochtingskampanje.

(advertinsje)
(advertinsje)