Wurdt stimmen foar sechtjinjierrigen mooglik?

17 apr 2018 - 16:27

Sechtjinjierrigen moatte takom jier meistimme kinne by de Provinsjale Steateferkiezingen. It is in proef, dy't de provinsjes Fryslân en Seelân hâlde wolle. Neffens deputearre Sander de Rouwe kinne je sa de jeugd better belûke by de beslútfoarming op it provinsjehûs. Benammen om't der in soad ûnderwerpen foarby komme, dy't foar de jongeren fan belang binne. Bygelyks iepenbier ferfier en de fêstiging fan in kampus fan de Universiteit fan Grins yn Ljouwert.

It ministearje fan Ynlânske Saken besjocht no oft it mooglik is. Foar de ein fan it jier moat dêr dúdlikens oer komme. Besjoen wurdt oft by de Steateferkiezingen yn maart de jeugd fan sechtjin oant en mei achttjin jier apart stimme kin. Neffens De Rouwe kinne je dan tinke oan in eigen stimhokje yn de offisjele stimburo's.

(advertinsje)