Studinten meitsje paradys foar bijen lâns N32 by Wurdum

17 apr 2018 - 15:28

De rykswei N32 by Wurdum wurdt in 'Honey Highway', in paradys foar bijen. Yn de berm wurdt in oerflakte fan 10.000 fjouwerkante meter grûn klearmakke foar streekeigen wylde blommesoarten, dy't bijen oanlûke. Studinten fan it Nordwin Kolleezje en Van Hall Larenstein sille de blommen nije wike woansdei siedzje. Rykswettersteat wurket mei oan dit inisjatyf fan biodynamysk ymker Deborah Post.

"Rijkswaterstaat stelt de grond beschikbaar en maakt dit in orde. Hiermee vergroten we de biodiversiteit en zorgen we zo voor een duurzamere samenleving", sa seit Jan Jozeph Dalstra fan Rykswettersteat. "Met Honey Highway levert de berm nectar en stuifmeel van streekeigen bloemen en dat is voedsel voor de inheemse wilde bijen, Nederlandse honingbijen, maar ook hommels, vlinders en andere insecten", leit Deborah Post út.

De Alvediketocht en de ynwenners fan Wurdum binne ek belutsen by de Honey Highway. By de carpoolstrook wurdt ek noch in bijehotel pleatst. De studinten sille hieltyd weromkomme nei it plak, om ûndersyk te dwaan nei de bijen.

Trefwurden: 
bijen Honey Highway N32 Wurdum
(advertinsje)