Gemeente nimt mear tiid foar graafwurk Broereplein Boalsert

17 apr 2018 - 14:06

It graafwurk foar de flearmûsfontein op it Broereplein yn Boalsert freget mear tiid as earder tocht waard. Der wurde mear grêven en minsklike skeletten fûn as earder tocht waard. De archeologen krije fan de gemeente Súdwest-Fryslân alle romte om de minsklike resten te bergjen. De Broeretsjerke en it plein derfoar binne ûnderdiel fan in earder kleasterterrein. Der wie wol rekken hâlden mei archeologyske fynsten, mar dit binne der mear as tocht. Alle fynsten wurde ûndersocht en de útkomsten fan dat ûndersyk wurde letter mei de ynwenners dield.

De gemeente leit ferwiten fan grêfskeining neist him del. Der wurdt soarchfâldich mei de resten omgien, seit wethâlder Stella van Gent. Neffens de gemeente sil de fontein, dy't diel útmakket fan it 11Fountainsprojekt fan Kulturele Haadstêd, wol op tiid klear wêze foar de offisjele iepening op 18 maaie.

(advertinsje)