Van Bekkum: "Undersyk nei moard op Malta is wichtich"

17 apr 2018 - 13:23

Foarsitter Tjeerd van Bekkum fan Kulturele Haadstêd 2018 fynt it in goede saak as de Europeeske Uny ûndersyk docht nei de foarsitter fan Kulturele Haadstêd Valletta. Dizze Jason Micallef seit dat it betinkplak foar in fermoarde sjoernaliste no in healjier lyn, wol fuort kin. En dat wylst de moard noch hieltyd foar in soad opskuor soarget.

Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga hat oandacht frege foar de saak mei in gedicht. De ynternasjonale skriuwersorganisaasje Pen hat in iepen brief skreaun wêryn't se freegje om in ûndersyk troch de Europeeske Uny.

Van Bekkum woe earder neat sizze oer de polityk op Malta, en krige der in soad krityk op. Van Bekkum fynt it noch hieltyd net syn taak om op politike kwestjes op Malta te reagearjen, mar jout wol oan foar in ûnôfhinklik ûndersyk te wêzen. De kwestje wurdt tiisdei ek besprutsen yn it kolleezje fan Ljouwert.

(advertinsje)