Friezen om utens: Froukje van der Hoek út Baly

Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?
Yn dizze ôflevering Froukje van der Hoek, se wennet op Baly. Nei har oplieding hbo-v beslút se hiel wat oars te dwaan. Mar ja, is dat de bêste kar ek foar de takomst?
Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwwadders.