'Dag en Nacht' fan Escher oankocht troch Fries Museum

17 apr 2018 - 12:06

It Fries Museum hat de bekende houtfyk 'Dag en Nacht' fan grafikus M.C. Escher oankocht. It wurk is ien fan de topstikken út de tentoanstelling 'Escher op reis', dy't fan 28 april ôf te sjen is yn it museum. It wurk út 1938 lit in Nederlânsk lânskip sjen mei ikkers, doarpen en wetter. Oer it lânskip fleane swarte en wite fûgels, wat foar in bysûndere flakferdieling soarget.

It museum hat it wurk kocht mei finansjele stipe fan Stichting Woudsend Anno 1816.

(advertinsje)