Kreative oplieding yn Fryslân net oerstallich

The Next Mata Hari © Omrop Fryslân, René Koster
Kreative MBO-opliedingen foar artysten of kleanûntwerpers kinne mar better ferdwine. Dat stiet yn in advys fan de kommisje Macrodoelmatigheid MBO. Dy stelt dat der mei dizze opliedingen amper kâns op in baan is. Neffens de kommisje komme der tefolle studinten fan de opliedingen.
Wurdfierder Jan Dijksma fan it Friesland College stelt dat soks net opgiet foar Fryslân. Om foar te kommen dat der tefolle studinten op in te krappe arbeidsmerk komme, binne guon opliedingen earder al oanpast of jildt der in maksimum oantal learlingen. Dijksma wiist der ek op dat in soad MBO'ers trochstreame nei it HBO.