Man slim ferwûne nei oanriding Boalsert
By in ûngelok op de Marktstrjitte yn Boalsert is tiisdeitemoarn in man slim ferwûne rekke. It slachtoffer waard skept troch in auto, dy't efterút ried. Meiwurkers fan de ambulânse ha it slachtoffer behannele en nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de saak.