Bylden ynbraak kafee Sint-Nyk yn Opsporing Verzocht

17 apr 2018 - 10:41

Yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht binne tiisdeitejûn bylden te sjen fan in ynbraak yn in kafee oan de Gaastwei yn Sint-Nyk. Dat wie ferline jier, yn de nacht fan 21 op 22 novimber. Op de bylden binne twa ynbrekkers te sjen. Dy brutsen de gokkasten iepen en naaiden út mei it jild. Se kamen binnen troch oan de efterkant in rút te fernielen. De plysje hat de bylden yn jannewaris op ynternet pleatst, mar krige oant no ta gjin brûkbere tips.

(advertinsje)