Fûgelwachterspost op de Boschplaat Skylge wurdt ferpleatst

17 apr 2018 - 10:12

De fûgelwachterspost op de Boschplaat op Skylge wurdt ferpleatst no't it plak dêr't de post gewoanwei stiet, troch de easterstoarm fan maart net langer te berikken is. Der lizze no stodunen op it plak fan de fûgelwachterspost. Steatsboskbehear kin dêrtroch net langer mei swier materieel op it plak komme. Boppedat is it briedseizoen begûn en mei Steatsboskbehear no net yn it gebiet wurkje.

Steatsboskbehear moast it pleatsen fan de post útstelle fanwege de brân yn de opslach fan Steatsboskbehear op it eilân. Dêrtroch gie de âlde post ferlern en moast der in nije makke wurde.

(advertinsje)