Ferwerderadiel út Middelsee

© Omrop Fryslân
Ferwerderadiel stapt út de Middelseegearwurking mei de gemeenten It Bilt, Menameradiel en Ljouwerteradiel. De trije gemeenten dy't oerbliuwe, sille sjen nei hoe't se no fierder gearwurkje en oft dat ek noch liede kin ta in fúzje.
De gemeenteried fan Ferwerderadiel hat earder oanjûn tsjin in fúzje mei de fjouwer Middelseegemeenten te wêzen.
Ferwerderadiel wol net fierder gean as gearwurking op mêden as ICT, jongerein en gesin en feilichheid.