Rjochtbank Ljouwert koart ûntromme troch gaslek

17 apr 2018 - 10:02
  • Gaslek: rjochtbank ûntromme
  • Feilichheidskoördinator Tjalling van der Woude

De rjochtbank oan it Saailân yn Ljouwert hat tiisdeitemoarn koarte tiid ûntromme west fanwege in gaslek. Sa'n 200 minsken stiene op strjitte. It gaslek ûntstie troch graafwurk neist it gebou, wêrnei't de brânwacht de minsken nei bûten stjoerde. It plein waard ôfset mei linten en der binne mjittingen dien. Monteurs fan Liander ha it gaslek tichtmakke.

Flotte ûntromming

De feilichheidskoördinator en de BHF binne goed te sprekken oer de ûntromming fan de rjochtbank. Alle minsken wiene yn in kertier út it gebou. Neffens feilichheidskoördinator Tjalling van der Woude fan de rjochtbank komt dat, omdat de situaasje der al gau serieus útseach. "Der stie in brânwachtauto foar de doar en allegearre plysje en dan lústeret men wol better. Ek it nut en de needsaak fan in BHF-organisaasje, sa as wy dy ha, is hjoed wol wer bewiisd." 

Koarte fertraging

De sittingen yn de rjochtbank ha koarte tiid fertrage west, mar alles rint yntusken wer op skema.

Trefwurden: 
gaslek Ljouwert rjochtbank
(advertinsje)