Kollum: "Taal fan it hert"

17 apr 2018 - 07:24

"It is allegear ellinde yn de wrâld, en om de sinnen te fersetten skriuw ik dan in ferske.’ Dat sei Daniël Lohues okkerdeis. Lohues is behalve in fantastyske muzikant ek in man dy’t hiel wichtich is foar de Drintske taal. Dialekt hear ik eins te sizzen, mar om my mei it ek in taal hjitte.

Hawar, krekt nei’t ik Daniël it ferske ‘Ik heur hier’ sjongen hearde, lies ik in berjocht fan it Huus fan de Taol út Beilen. Dat taalynstitút hie yn opdracht fan de provinsje Drinte in represintative groep fan 1200 minsken frege hoe goed se harren taal behearsken. En wat die bliken: mear minsken koene it Drintsk goed ferstean én prate yn ferlyk mei in ûndersyk fan tsien jier lyn. Dat hie ek de direkteur fan it ynstitút, Jan Germs, net oankommen sjoen: ‘Ik vind namelijk dat we het cultuurgoed en de taal niet meer genoeg doorgeven aan onze kinderen,’ sa sei er. Sa’n útspraak klinkt mar al te bekend yn ’e earen.

Dochs liket der hiel foarsichtich in kear te kommen yn de delgong fan dialekten en streektalen. Want yn deselde snuorje wie der in reportaazje fan de BBC mei de titel ‘The rebirth of Britain’s lost languages’, oftewol de werberte fan de fergetten talen. As foarbyld waard de nije plaat fan Gwenno, in sjongeres út Cornwall, nommen. Dy plaat is folslein yn it Cornish, de minderheidstaal fan Cornwall, en is in grut súkses. De BBC konkludearret dat der in groeiend bewustwêzen foar it belang fan minderheidstalen is. Dat hat mooglik te krijen mei it langstme om opnij ferbining mei it eigen komôf te sykjen, yn in kultuer dy’t almar fierder globalisearret en op in skiere, smaakleaze ienheidswoarst begjint te lykjen.

Mei oare wurden: it omtinken foar lytsere talen en dialekten liket ta te nimmen, krekt as de wurdearring dêrfoar. It súkses fan in band as Baldrs Draumar hjir by ús liket wat dat oangiet eksimplarysk. Harren Frysktalige, akoestyske plaat Fan Fryslâns Ferline wie de bêste plaat fan 2017 by in renommearre site en troeve allegear bekende, ynternasjonale en Ingelsktalige bands ôf. Fryslân boppe kriget sa in nije betsjutting. Sjoch ek de ynternasjonale belangstelling en it súkses fan in projekt as MeM, de livingroom of languages, dat yn de Prinsetún te finen is. MeM hellet behalve it Frysk ek alderhanne streek- en lytse talen oer it fuotljocht op in wize dy’t net allinne bewûndering fertsjinnet, mar ek folslein terjochte kriget.

Sjoch ek it iepenloftspul Rêdbâd yn Broeksterwâld. Dêr komt in lesbrief by, wêrmei’t bern boartsjenderwize yn ’e kunde komme kinne mei de eigen taal en skiednis. Mear as 160 basisskoallebern (op dit stuit) sille troch de teätertún strune, sille minsken út dy tiid sjen, útfine wat dy ieten en dronken, hoe’t se libben, hoe’t de ferhâldingen wiene, sille mei pylk en bôge sjitte en folle net genôch. Soks allegear yn de taal dy’t dêrby heart, de taal fan ús hert. En hoe wichtich dat is sil ek in man as Daniël Lohues sûnder mis meistimme kinne."

(advertinsje)