Frou ferwûne by ûngelok Oerterp

17 apr 2018 - 07:05

By in ûngelok op de krusing fan de Weibuorren en de Griene Leane yn Oerterp is moandeitejûn in frou ferwûne rekke. Op de krusing klapten twa auto's boppe-op inoar, nei alle gedachten hat ien fan de bestjoerders gjin foarrang ferliend. De frou is troch de brânwacht út de auto helle en nei it sikehûs brocht. De beide auto's binne fuortsleept. De dyk waard tydlik ôfsletten.

Trefwurden: 
ûngelok Oerterp
(advertinsje)