Argewaasje oer koälysje yn Opsterlân

16 apr 2018 - 22:50
  • Wietze Kooistra fan it CDA

De gemeente Opsterlân is moandeitejûn útkaam op in koälysje fan Opsterlands Belang, ChristenUnie en Pvda. Dat is de kombinaasje dy't de neffens ynformateurs Marcel van Opzeeland en Anko Postma (beide fan Opsterlands Belang) it meast winsklik is.

In moasje fan de VVD, stipe troch GrienLinks en it CDA, om it ynformaasjeproses opnij te dwaan, of yn alle gefallen in fjirde partij oan de koälysje ta te heakjen, waard unanym troch de oare partijen ferwurpen. It CDA, dat de lêste jierren yn de koälysje siet, is bot teloarsteld dat der keazen is foar de PvdA, dy't by de lêste ferkiezingen krekt in sit ferlear (fan 4 nei 3). CDA-listlûker en wethâlder Wietze Kooistra fynt it spitich dat der net genôch harke is nei it boadskip efter de moasje. "Ik tink dat it better west hie as persoanen fan bûten, yn stee fan eigen minsken, as ynformateurs oansteld wienen." VVD'er Anne Wil Lucas sil it formaasjeproses liede.

(advertinsje)