Tenei net nei Súd-Amearika foar soaja, mar nei It Bilt

It Bilt is dalik miskien wol 'the place to be' foar de echte foodies (oftewol leafhawwers fan iten). Emmertarwe, soja of raketblad; it binne samar wat gewaaksen dy't dit jier op in spesjaal fjild op It Bilt ferboud wurde sille.
De gewaaksen binne ûnderdiel fan it evenemint 'Gewassenveld' oan de Aldebiltdyk by Sint-Jabik it. Op trije bunder lân binne dêr op it lân fan boer Piet Hoekstra fyftich gewaaksen plante dy't ea diel útmakken fan de ikkerbou op It Bilt. It giet dan om ierappelrassen, sied, rau iten en nôt.
Yn it midden is in fjild fan tulpen oanlein yn de foarm en de kleuren fan it logo fan Kulturele Haadstêd. Fan 20 april ôf oant en mei septimber kinne minsken derhinne te sjen. Doel fan it evenemint is om de minsken sjen te litten dat ús iten eins allegearre wol tichtby ferboud wurde kin en dat we der net de hiele wrâld mei oer hoege te slepen. De offisjele start fan it evenemint is takom freed mei deputearre Johannes Kramer.