Súdwest-Fryslân docht ûndersyk nei it Frysk yn de gemeente

16 apr 2018 - 20:59

Sa'n njoggentûzen willekeurige ynwenners yn de gemeente Súdwest-Fryslân krije dizze wike in enkête tastjoerd oer hoe't de gemeente omgean moat mei de Fryske taal.

Alle Fryske gemeenten hawwe de wetlike taak om taalbelied op te stellen, en Súdwest-Fryslân is dwaande mei it meitsjen fan nij taalbelied foar de perioade fan 2019 ôf. Om der efter te kommen hoe't de minsken tinke oer it Frysk, mar ek oer streektalen as it Hylpersk, Snitsers of Boalserters, wurdt sa'n tsien prosint fan de ynwenners frege om har miening te jaan.

Yn 'e enkête steane fragen oer hoe faak en wêr't de ynwenners it Frysk brûke, mar ek oft de gemeente mear Frysk skriuwe moat yn brieven en advertinsjes, of oft de gemeente skoallen en soarchoanbieders stimulearje moat om mear Frysk te brûken.

De takomst

Wethâlder Stella van Gent moediget de minsken, dy't in brief krije, oan om de enkête yn te foljen. "Oft je no foar- of tsjinstanner fan it Frysk binne, ik bin benijd oft ús ynwenners ek fine dat it Frysk oer hûndert jier noch bestean moat en sa ja, hokker rol wy dêr as gemeente yn spylje kinne." Neist de enkête, praat de gemeente ek mei riedsleden, Sintrum Frysktalige Berne-opfang, Cedin, de provinsje, de Afûk en soarchoanbieders.

'In libbene taal'

Van Gent is sels fan betinken dat it Frysk bestean bliuwe moat. "It Frysk is in libbene taal, in taal dy't trochjûn wurde moat fan generaasje op generaasje." Sy wit dat der Frysktaligen binne dy't harren bern net mei of yn it Frysk grutbringe. "Ik bin tige benijd wêrom. Dat is dan ek ien fan 'e fragen fan 'e enkête. Miskien kinne wy dêr as gemeente wat yn betsjutte."

(advertinsje)