Frustraasje: grizzlybear mei net yn Arum, mar wol yn Rhenen

De opsette grizzlybear út Kanada dy't de dûane yn 2014 yn beslach naam fan de Arumer Siep Anema, is no te sjen yn it Ouwehands Dierenpark yn Rhenen.
Nei in jierrenlange juridyske striid, oant de Ried fan Steat ta, wie de konklúzje dat de grizzlybear terjochte yn beslach naam is, om't Anema net de krekte papieren hie. Anema fynt it hiel frustrearjend, mar foaral ek nuver dat de bear -dy't yn 1980 sketten en opset is -no wol yn in bistepark te besjen is. "It bist mocht Nederlân net yn en stie jierren yn in loads, mar it mei no blykber wol skonken wurde oan Ouwehands Dierenpark, en dat wylst it yn prinsipe noch altyd myn eigendom is."
Anema hat noch gjin besite brocht oan Rhenen. "Ik bin oan it ûndersykjen hoe't dit no kin. It hat my al mei al wol twa of trije grizzlybearen koste, mar dat wie foar my ek in prinsipekwestje."