Polityk komt mei grut plan om CO2-útstjit te minderjen

16 apr 2018 - 20:13
  • Harkje nei Hetty Jansen

Se neame it in trendbreuk: it grutte plan foar natuerherstel, dat moandeitejûn presintearre waard troch de seis opposysjepartijen yn Provinsjale Steaten.

Yn it plan, dat earst yn It Polytburo en letter op in gearkomste yn Tytsjerk út de doeken dien waard, wurdt de CO2-útstjit yn it feangreidegebiet werombrocht. Om dat foarinoar te krijen moat it grûnwetterpeil mei inkelde tsientallen sintimeters omheech brocht wurde. Dat smyt beswieren út de boerehoeke op, want grutte masines kinne dan net mear op it wiete lân komme. Boppedat soene in protte boeren har bedriuw ferpleatse moatte. Neffens de partijen is dit allegearre needsaaklik om de biodiversiteit werom te krijen.

De kâns dat it hiele plan it polityk hellet liket lyts: de kolleezjepartijen binne kritysk. It plan om de Fryske natuer wer yn lykwicht te krijen is opsteld troch PvdA, D66, 50Plus, GrienLinks, de ChristenUnie en de Partij voor de Dieren yn Fryslân. Ein maaie sille Provinsjale Steaten oer it plan debattearje.

(advertinsje)