Studinten wolle hege bemiddelingskosten oanpakke

16 apr 2018 - 19:58
  • In petear mei Wim Dijkman fan it IBOS

De Ljouwerter studinteferieningen hawwe harren nocht fan de hege bemiddelingskosten dy't studinten faak betelje moatte as se in keamer hiere wolle. De bedragen kinne oprinne oant somtiden wol tûzen euro. En dat moat ophâlde, fine de studinten.

It probleem stie moandei op de aginda by de Ljouwerter studintetop. Dy top wurdt organisearre troch de Ljouwerter studinteferieningen dy't feriene binne yn it IBOS, it Inter Bestuurlijk Overlegorgaan Studentenverenigingen yn Ljouwert. Neffens foarsitter Wim Dijkman fan it IBOS is it probleem tige grut. Sa'n njoggen fan de tsien studinten hat der op de ien of oare wize mei te krijen.

Yn Ljouwert binne yn totaal sa'n tsientûzen studinten dy't in keamer nedich hawwe. It IBOS wol it probleem oplosse troch der in soad ruchtberens oan te jaan, bettere ynformaasje te jaan oan studinten fia de hegere skoallen en gearwurking mei bygelyks de gemeente en de makelers.

(advertinsje)