Streppel oer striid tsjin ADO: "Kunnen een mooie stap maken"

16 apr 2018 - 17:57
  • Jurgen Streppel
  • Pelle van Amersfoort

SC Hearrenfean kin tiisdei goeie saken dwaan mei it each op de play-offs. Yn ADO Den Haag komt der in direkte konkurrint nei it Abe Lenstra Stadion. Dy ploech hat likefolle punten as Hearrenfean en dus is it belang fan de wedstriid dúdlik.

"We kunnen een mooie stap maken", fertelt trainer Jurgen Streppel. "Het is een hele belangrijke wedstrijd, maar de komende drie zijn allemaal belangrijk. Het zit dicht bijelkaar en het belooft tot het einde spannend te blijven." Njonken de langer blessearre spilers woe Streppel oer de basisopstelling neat sizze. "Maar ik heb weinig reden om dingen te wijzigen. We hebben het zaterdag goed gedaan."

'Hecht collectief' 

Tsjinstanner ADO Den Haag hat de beskikking oer Bjørn Johnsen, de spits dy't dit seizoen al fiiftjin doelpunten makke hat yn de earedifyzje. "Ze hebben spelers met individuele kwaliteiten, maar die kunnen uitblinken door het collectief. Dat is ook hun kracht. Het is een hecht collectief met veel ervaring." Nei de wedstriid tsjin ADO spilet Hearrenfean noch tsjin NAC en Feyenoord. De Feansters moatte by de earste acht einigje om wis te wêzen fan pleatsing foar de play-offs om Europeesk fuotbal.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)