UPDATE: Man ferstoarn nei slim ûngelok mei in quad by Menaam

Yn Menaam is moandei oan de ein fan de middei in man om it libben kaam by in quadûngelok. It giet om in 63-jierrige man út Sint-Jabik. It slachtoffer wie mei de quad yn it wetter rekke. It ûngelok wie by Fjouwerhûs. Der wiene meardere helpferlieningsynstânsjes ynskeakele. Ek de traumahelikopter waard oproppen, mar dy koe al gau wer werom nei it sikehûs. It is net dúdlik hoe't it ûngelok krekt barre koe. De plysje docht hjir ûndersyk nei.