EOD lit 200 ûntstekkers út WOII op Skier ûntploffe

16 apr 2018 - 16:27

De EOD, de Explosieven Opruimingsdienst Defensie, hat op it strân fan Skiermûntseach moandeitemoarn eksplosiven ta ûntploffing brocht. It giet nei alle gedachten om 200 ûntstekkers út de Twadde Wrâldoarloch. Dy binne ferline wike oanspield op it strân fan it eilân. Se binne dêr fûn troch meiwurkers fan de gemeente. De ûntstekkers, dy't der út sjogge as lachgas-silinders, binne tige eksplosyf. Se bin allegear tagelyk ta ûntploffing brocht.

(advertinsje)