Wêr is de 275.000 euro fan Henk Eker bleaun?

16 apr 2018 - 15:54

Wêr is it jild fan Henk Eker bleaun? Dat is de fraach dy't moandei sintraal stiet by de rjochtbank yn Ljouwert. Eker waard yn jannewaris 2013 fermoarde by in saneamde rip-deal om in partij himp.

Henk Eker hie yn de tiid foar de moard 275.000 euro opsparre. Dit hie er om feilichheidsredenen by in buorfrou ûnderbrocht. De ynwenner fan Easterwâlde soe it jild fertsjinne hawwe mei de ferkeap fan yllegaal fjoerwurk en de hannel yn wyt. De buorfrou waard nei de moard op Eker lykwols benaud, en brocht it jild by earst ûnder har eigen mem, en dêrnei by de styfsoan fan Eker.

Kontant ôfrekkenje

Dizze styfsoan moast moandei foar de rjochtbank ferskine om't er neffens it Iepenbier Ministearje it jild fan Eker fertsjustere en wytwosken hawwe soe. De frou fan Eker (de mem fan de fertochte) hie de saak oan it roljen brocht, om't sy it jild weromhawwe woe.

De fertochte út Ljouwert seit dat er it jild nea thús hân hat. Ek syn eks-partner seit fan neat te witten. In tal tsjûgen sizze lykwols dat it jild wol deeglik nei de styfsoan tagien is. Dy soe it brûkt hawwe foar saken lykas in sloep, in auto of in fakânsje. Dizze soe de fertochte kontant betelle hawwe.

In komplot

Neffens de fertochte wurkje de tsjûgen, syn mem en syn broer mei-inoar gear. Der soe sels sprake wêze fan in komplot tsjin him. De offisier fan justysje sjocht lykwols genôch bewiis foar fertsjustering, om't de fertochte yn koarte tiid sa'n 112.000 euro útjûn hie. Wat net kinne moatte soe mei it ynkommen fan de man.

Neffens de offisier fan justysje wie it foar de fertochte wol 'hiel maklik' om it jild efter te hâlden, om't it om krimineel jild gie. It soe samar ris kinne, sa redenearre de offisier, dat de fertochte tocht dat der dêrom dochs gjin saak fan komme soe.

Eask

Tsjin de fertochte is 240 oeren wurkstraf en in finzenisstraf ûnder betingst easke. Ek wol it Iepenbier Ministearje dat de rjochtbank de 112.000 euro 'werompakt' fan de fertochte. Op 30 april docht de rjochtbank útspraak.

Trefwurden: 
Henk Eker justysje rjochtsaak
(advertinsje)