Ljouwert yn top 4 stêden mei djoerste parkearfergunning

16 apr 2018 - 14:35

Wa't in parkearfergunning oanfreget foar it sintrum fan Ljouwert betellet dêr yn ferhâlding in soad foar. Dat seit auto-diel-platfoarm SnappCar, dat de tariven yn de tolve provinsjehaadstêden mei-inoar fergelike hat. Ljouwert komt dêrby as fjirde út de bus.

Yn Ljouwert moat der foar in fergunning 225 euro yn it jier betelle wurde. Yn Utrecht is in parkearfergunning it djoerst, wylst je yn Assen it goedkeapst út binne. Dêr betelje foar in parkearfergunning 45 euro yn it jier.

(advertinsje)