Reclame Code Commissie: LDODK moat oare shirtsponsor sykje

16 apr 2018 - 14:34

Kuorbalclub LDODK fan De Gordyk liket op syk te moaten nei in oare shirtsponsor. Nei in klacht by de Reclame Code Commissie waard earder al dúdlik dat it brûken fan de namme fan it bedriuw 'wijnvoordeel.nl' net mei. Dat is omdat shirtreklame mei alkohol yn de sport ferbean is.

Tsjin it beslút waard beswier oantekene, mar dat hat neat úthelle. LDODK seit yn in reaksje teloarsteld te wêzen en bang te wêzen dat de sponsor no ôfheakket. It sil neffens har dreech wêze om in ferfanger te finen.

Trefwurden: 
LDODK shirtsponsor
(advertinsje)