Selstraf easke tsjin ynternetoplichter fan It Hearrenfean

© ANP XTRA
In 27-jierrige man fan It Hearrenfean moat mooglik oardel jier de sel yn fanwege oplichting. De man bestelde by webwinkels guod sûnder dêr foar te beteljen. Dêrnei ferkocht er it wer. Nei alle gedachten hat er foar sa'n 11.000 euro minsken beneidiele. De man sit op dit stuit al yn de finzenis, foar oare fergripen. Ein dizze moanne heart er oft er dêr langer bliuwe moat.
Ek syn frou wie by de oplichterij belutsen. Har saak soe moandei behannele wurde, mar omdat har advokaat ferhindere wie, wurdt dat op in oare dei dien.