Joop Wittermans 40 jier yn fak

02 nov 2011 - 14:32

Akteur Joop Wittermans (65) sit 40 jier yn it fak. Freonen, famylje en kollega's ferrasten him tiisdei mei in feestje yn syn wenplak Beetstersweach. Sels woe er der gjin drokte fan ha, mar oaren woene it jubileum net foarby gean litte. Joop Wittermans spile tal fan rollen op it toaniel, ûnder oare foar Tryater. Hy wie ek op tillevyzje te sjen lykas yn Goede tijden, slechte tijden. Ek spile hy yn films as De Fûke en Van God Los.

(advertinsje)