Minister nimt partijen mei oer útwreiding Lelystad Airport

16 apr 2018 - 13:26
  • Minister nimt partijen mei oer útwreiding Lelystad Airport
  • Minister Cora van Nieuwenhuizen

Minister Cora van Nieuwenhuizen hat moandeitemoarn tasein dat se lokale partijen, lykas gemeenten en rekreaasjeûndernimmers meinimme sil yn de beslútfoarming oer de útwreiding fan Lelystad Airport. Oer dy útwreiding ûntstie in soad rebûlje fanwege de oerlêst fan de leechfleanende fleantugen oer ûnder oare it súdwesten fan Fryslân.

De minister fan Ynfrastruktuer prate op 'e Lemmer mei ferskate partijen út de regio. Wethâlder Durk Durksz fan de gemeente De Fryske Marren is net ûntefreden oer de útkomsten fan dat petear.

(advertinsje)