Froulju fan Fryslân: wa fertsjinnet in stânbyld?

16 apr 2018 - 15:00

Froulju kinne fan no ôf nominearre wurde foar it projekt 'Froulju fan Fryslân'. Programmamakker Marleen Godlieb en byldzjend keunstner Natasja Bennink binne moandei mei de 'kampanje' begûn om nominaasjes binnen te krijen. Se wienen dêrfoar yn serviceflat Oranjewoud op It Hearrenfean. Se fregen de bewenners en meiwurkers wa't har froulike held is dy't in stânbyld fertsjinnet. De iennige betingst is dat de nominearren Friezinnen binne en noch libje.

Seis froulju wurde útkeazen, in trochsneed fan de Fryske mienskip, en dy krije dan in brûnzen boarstbyld. Dy bylden krije dizze hjerst in plakje yn it Oenemapark op It Hearrenfean. Letter komt in prominint plak yn de binnenstêd fan Ljouwert. 

Oprop

Watfoar Fryske frou fertsjinnet in stânbyld? It giet net om ferneamde of histoaryske froulju, mar froulju fan no. Wa ynspirearret, soarget, is bysûnder of krekt gewoan, wa kin net mist wurde, wa mei en moat sjoen wurde en wa hat in bysûnder ferhaal? Minsken kinne in frou yn har omjouwing nominearje fia Omropfryslan.nl/fff.

Programma

Ut alle nominaasjes fan Fryske froulju wurde seis froulju keazen fan wa't echte brûnzen boarstbylden makke wurde troch keunstner Natasja Bennink. Dat hiele proses folget programmamakker Marleen Godlieb foar in telefyzjerige mei deselde namme: Froulju fan Fryslân. Yn de searje draait it om wat de keazen froulju sa bysûnder makket. Dy froulju wurde yn bewegend en taastber byld ferivige. It proses is ek te folgjen op Facebook.com/frouljufanfryslan

It projekt makket diel út fan Leeuwarden-Fryslân 2018. Foar it projekt is in crowdfundingsaksje op tou set. Foar de minsken dy't in bydrage dogge, binne der ferskate tsjinprestaasjes betocht. 

(advertinsje)