Ljouwert wol mear grien; aksje tsjin ferstienning fan tunen

16 apr 2018 - 13:06

De gemeente Ljouwert hat syn nocht fan de 'ferstienning' fan partikuliere tunen. De ynwenners moatte mear planten en blommen yn de tún hawwe en minder stiennen en tegels. Ljouwert komt dêrom mei in subsydzje foar it griener meitsjen fan de tunen, fariearjend fan 50 oant 300 euro de tún. De subsydzjeregeling jildt foar de perioade 2018 oant en mei 2020. De gemeenteried hopet yn alle gefallen sa'n 150 tunen te 'ûntstiennen'.

Grienere tunen soargje foar ôfkuolling yn de simmer, hâlde it wetter fêst yn wiete perioaden en jouwe wetter ôf yn drûge tiden. Ek is in griene omjouwing goed foar de sûnens en de biodiversiteit. Fan it totale grien yn de gemeente Ljouwert bestiet sawat de helte út partikuliere tunen.

Trefwurden: 
grien Ljouwert ferstienning
(advertinsje)