Humanitas helpt minsken mei finansjele administraasje

16 apr 2018 - 12:29

Hast de helte fan alle Nederlanners hat de finânsjes net altyd like goed yn de macht, docht bliken út ûndersyk fan budzjetfoarljochtingsorganisaasje Nibud. Se ha gjin oersjoch oer alle rekkens, omdat dy op ferskillende manieren binnenkomme: mei de post, mar ek wol mei de email en soms moatte se der sels ek aktyf achteroan, op in webside of sa. En omdat minsken sa'n soad abonneminten ha, ferjitte se ek wol wat se allegear betelje moatte.

Frijwilligersorganisaasje Humanitas helpt minsken dêrby. "Met name 60-plussers komen bij ons. Door de digitalisering lopen ze vast," leit Angelique Borghuis út, se is koördinator fan Humanitas Thuisadministratie. "We merken de laatste tijd dat de vragen complexer worden. Het begint ermee dat mensen de administratie niet op orde hebben, maar vaak komt er meer achter weg en hebben mensen schulden. Soms zijn mensen bang voor de post en openen ze die niet meer. Onze vrijwilligers gaan wekelijks naar de mensen om ze te helpen, ons doel is om ze zelfredzaam te maken. Mijn tip is: zoek op tijd hulp. Ze trekken te laat aan de bel. We willen mensen graag helpen."

Alle freeds is in ynrinsprekoere yn dbieb (yn de Blokhúspoarte) fan 12.30 oant 14.30 oere.

(advertinsje)