Sjueryseleksje fan Liet 2018 is bekend: 15 nominearren

16 apr 2018 - 13:52

De faksjuery fan Liet hat de seleksje fan 15 dielnimmers, dy't trochgeane nei de folgjende ronde fan Liet 2018, bekend makke. Fan no ôf kin it publyk fia de www.liet.frl syn stim útbringe. De stim fan it publyk telt foar in fjirdepart mei. Op 30 april wurdt bekend makke watfoar tsien finalisten úteinlik op 13 maaie yn de finale fan Liet 2018 stean.

De 15 nominearren binne: Albert van der Tuin, Another Time, Astrid en Else, Berend Riemersma, Changed, Days to Imagine, Else, Klaske, Lammert, Lammy Bruyns & Friends, Monique Sings, Sequens, Stonecrobs, Tjonger en Toussaint.

"Er zitten bekende namen bij, van mensen die al eerder hebben meegedaan, maar ook nieuwe namen" fertelt Yvonne Bleize, foarsitter fan Liet. "De liedjes zijn heel uiteenlopend, van singer-songwriters tot jonge bands." 

Op de radio

Omrop Fryslân besteget de kommende twa wiken elke dei yn it radioprogramma De middei fan Fryslân oandacht oan de nominearren. De winner fan de finale fan Liet 2018 docht foar Fryslân mei oan Liet International 2018 XXL, dat op 23 maaie plakhat. Dêr komme tal fan muzikanten út ferskate minderheidstaalgebieten yn Europa. Beide finales wurde organisearre yn Neushoorn.

Foar it Fryske sjongfestival Liet koenen dielnimmers earder meidwaan oan workshops om har nûmer better te meitsjen ûnder lieding fan professionals.

Trefwurden: 
Liet Liet 2018 sjuery
(advertinsje)