Tekens fan Lyme binne mear as ferdûbele lêste 20 jier

16 apr 2018 - 17:45
  • Tekenen fan Lyme binne mear as ferdûbele lêste 20 jier

It oantal minsken mei tekens fan de sykte fan Lyme is bot tanaam yn de ôfrûne 23 jier yn Fryslân. Neffens sifers fan Tekenrader.nl hawwe mear as twa kear safolle minsken by de húsdokter west, dy't yn it begjinstadium fan Lyme sitte.

Yn 1994 ha gemiddeld 92 fan de 100.000 minsken yn Fryslân 'erythema mirgrans'. Dat betsjut dat se in read rûntsje om har tikebyt ha, wat in betide utering is fan de sykte fan Lyme. En yn 2017 is it mear as ferdûbele nei: 214. De gemeente Ferwerdadiel is fierwei de gemeente mei de grutste groei: hast sân kear safolle (31 yn 1994 en 201 yn 2017). Allinnich op Flylân is it tal nei ûnderen gien: fan 587 nei 506.

Lyme

Arnold van Vliet, biolooch fan de Wageningen University, docht ûndersyk nei de sykte Lyme. "De ziekte is er altijd al geweest, maar we hebben het veel later ontdekt." Yn de jierren '80 is de sykte foar it earst ûntdutsen yn it Amerikaanske plakje Lyme. "Het kan in verschillende vormen voorkomen. Een rode kring is de meest voorkomende, maar ook gewrichtspijn, zenuwpijn, hartklachten of griepverschijnselen. Dan heb je niet meteen door dat het om Lyme gaat."

TBE-firus

Van Vliet fynt it soarchlik dat de tyk no ek in oare en gefaarlikere sykte mei him meibringt, it TBE-firus. TBE stiet foar 'tick-borne encephalitis'. Dizze sykte faak sûnder sykteferskynsels, mar it firus kin ek it sintral senuwstelsel oantaaste en in ûntstekking oan harsenfluezen of harsens feroarsaakje. "Sinds twee jaar zien we dat het TBE-virus vanuit Oost-Europa optrekt naar het Westen. We ontdekten het virus bij reeën, die een teek met het virus droegen", seit Van Vliet. Se ha dit trochjûn oan de medyske wrâld en krigen reaksje fan in dokter. "Hij had een patiënt met de verschijnselen, maar waar geen oorzaak was gevonden. Het bleek een teek met het TBE-virus."

Oprop

Der is al in soad bekend oer de sykte Lyme, mar Van Vliet hat ek noch in soad ûnbeäntwurde fragen. Hoe kin it bygelyks dat de ien folle gauwer opknapt fan Lyme as in oar? Van Vliet wol dêrom in oprop dwaan oan minsken mei de sykte fan Lyme om har te melden sadat se mear ûndersyk dwaan kinne.

It is dizze wike de Wike fan de Tyk, ferskate ynstânsjes ynformearje oer en wize op de gefaren fan de tyk.

Trefwurden: 
Lyme tyk
(advertinsje)